donderdag 12 februari 2009

Logo


Ding 10 dien.
't Is thús somtiden krekt sa as op it wurk;
ik meitsje in listje fan alles wat ik op in dei dwaan wol
(en moat). Wêrom sitte der mar 24 oeren yn in dei?
En wêrom is it no sok moai waar en bellet der net ien of ik ek in ein mei te rinnen wol?
Earst mar even in foto meitsje fan myn útsicht.
Ja, sa as jim sjogge bin ik altyd mei de bieb dwaande! Dit wie it keunstwurk dat op de muorre fan de âlde Jouster bibleteek hong. Doe't wy ferhuzen mocht ik dat fan Bert meinimme.
It hinget no dus net mear, mar it leit. Ik ha no al wer sin om my dêr jûns, mei in boek, in wyntsje en in protte houtsjes om te stoken, del te jaan!
Ien fan de dingen ( it 24ste) dy't ik no dwaan gean is alle handige tips en trucs dy't ik yn de blogs fan kollega's en yn de ynstruksjes lês, te knippen en te plakken yn in dokumentsje. Ik sit sa faak te tinken fan hjir ha ik wat fan lêzen, mar by wa dan? En om dan alle blogs wer bylâns te gean, is my tefolle gedoch.
Dan is it no alwer healwei ienen
Ik moat noch dûse (*),boadskipje, in Grouster ovenschotel meitsje (kin googele wurde), ynternetbankiere, Henk syn trui naaie, stikje foar Tryater skriuwe, mei Robert smse, nei heit en mem....
(*) Sa lekker, dat je in dei allinnich thús binne en der gjin ien seit: "Sisto no dyn klean ek in kear oandwaan?"

2 opmerkingen:

  1. Hoi,
    Jij neemt je werk letterlijk mee naar huis, zie ik.
    Ik had best een eind met je willen wandelen, maar ja, werk..
    Inderdaad, het lijkt alsof de dagen steeds minder uren tellen en de to-do lijstjes almaar langer worden. Bij mij thuis slingeren ook verschillende lijstjes en briefjes rond en de vervelendste klusjes komen dan weer op een vers briefje te staan als de rest allemaal afgehandeld is. Doorstrepen is het leukste, daarom zet ik er ook een paar onnozele werkjes op als: planten water geven, vogelvoer ophangen, 23dingen huiswerk doen..
    Groetjes, Annelies

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ik dacht even dat je heel knap het logo in je tuin had geflickrd, net zoiets als de voorkant van een tijdschrift met onze bedrijfskleding. Mooi gezicht trouwens, ga de foto volgende winter gebruiken als logo voor de digitale nieuwsbrief (met jouw toestemming natuurlijk).

    BeantwoordenVerwijderen