
De earste kear dat ik meidie oan in chat wie nei ôfrin
fan de searje "de Negen dagen van de gier" mei Jan Decleir
(sa'n moaie spiler, ja ik fal op âldere mannen, ik wit it.)
Dy searje rûn sa frjemd ôf, de lêste wurden wiene noch net sein of myn suske hong al oan de telefoan. "Hè?". "Ja", sei ik "Hè?"
Je koene chatte mei akteurs, regisseur ensfh... dus meidwaan. Gjin akteur dy't antwurde op myn fragen en dy fan in hele protte oaren - krekt as wy ferbjustere troch te folle losse eintsjes- nei in ketier wie der steeds mear ûnsin en ûnbeskoftheid te lêzen.
Bin doe noch mar even nei myn suske fytst en nei allebeide in fles wyn nuttige te hawwen stiet it my by dat ek wy behoarlik ûnbeskoft waarden, behalve oer Jan Decleir.

It wurket dus echt net altyd sa geweldich yn de praktyk mei dat chatten blykt wol. En no wol ik wol hiel graach witte: hoe giet it mei dy? Ik ha dat ergens as reaksje op dyn blog frege, mar kin my begripe datst it net sjoen hast. Giet it de goede kant út? En wêrom moastest wer op ‘e nij yn it gips?
BeantwoordenVerwijderen