maandag 27 april 2009

Stoke

Fannejûn foar it earst wer myn kacheltsje brûkt. En dat nei in dei dat de hagelstiennen my om de earen fleinen.
Stoke; ik wenje mei trije mannen dy't à, net bûten ite wolle en b, jûns ek yn de hûs bliuwe. Foar my ûnbegryplik, want ik sit altyd bûten. Neffens hun op it oerdreaune ôf. Ha se ek wol in bytsje gelyk yn.
Likegoed, wat in moaie simmer stiet my wer te wachtsjen. As it in bytsje kin stook ik op in jûn, as de wyn geunstich is, dat wol sizze, as de buorlju net al te folle lêst fan my krije, in jiske-amer fol houtsjes yn myn, fan in ekspânsjefet makke, kacheltsje.
En wat doch ik dan op sa'n jûn; neat! Ik sit stomwei nei it fjûr te sjen, net mear, net minder.
Allinnich ien ding. Sa as ik doetiids doe't ik noch rookte beslist in sigaret moast as de telefoan gie en mear as ien as it geprek langer duorre, sa moat ik no in fles wyn iepenje en opdrinke as ik myn kachel oanstek. Gelokkich stiet de glêsbak 30 m fjirder...
Is dit miskien 'illegaal stoken' púr sang?

4 opmerkingen:

  1. Ik dacht dat het altijd de mannen waren die gek zijn op fikkie stoken?! Of is dit de ware emancipatie?
    Blijkbaar is het heel rustgevend, dat vuurtje.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. O ferruklik Grieteke, sa neat sitte te dwaan. En in pear jier ferlyn koest dy d'r hast net ta sette, moastest altyd wat dwaan. Ik bin ek in protte bûten, al is 't o sa kâld dan mei de jas oan yn de sinne. Dat is wol sa lekker. En as it heal kin ite wy ek bûten, foaral moarns betiid is dat sa prachtich mei de sinne dy't opkommen is en al dy fûgels en it is dan sa stil. Yn fakânsjes ite wy altyd bûten, behalve as it reint. Ferline jier yn Ytaalje wie it tige waarm, en sliepte ik net bêst, en ha'k wolris om healwei seizen moarns bûten sitten mei in boek, deastil, útsjoch op de wyngaarden en de sipressen. Ge-wel-dich
    It bestekbakje komt nei dy ta!

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Hoi Grieteke, no pas in reaksje fan my: lokwinske, do bist (al in hiel skoft) klear mei 23dingen. Ik ha hjoed 22 en 23 dien, dus ek klear foar de deadline. En bewust haw ik nea sjoen nei de oaren (wol de gewoane leuke smoute praatsjes, mar net nei it ferslach fan dingen) want ik woe net beynfloede wurde. Ik kin it wol mei dy iens wêze: it hat my ek folle mear tiid koste as tocht. En ek: it sakket ek wer fuort, je moatte it ûnderhâlde. Dus dêrom yn it neijier de saken mar wer wat oer dwaan. Ik ha my fermakke mei dyn stikjes altyd, do kinst mei humor skriuwe (krekt as Robert). Mar dat ha'k ek wol lêzen yn de Tryaterútjeften. En ik gean d'r fanút datst geregeld wat op dyn blog skriuwe silst, dan sil dat mei niget lêze!

    groetnis
    Nynke

    BeantwoordenVerwijderen