zaterdag 16 mei 2009

Dien

Tongersdei 14 maaie.
Foar de lêste kear wurdt de jûn te foaren de bôle smard, de tas klearsetten, de wurklean dellein. Moarns om 2.00 oere giet de wekker. Middeis komt er thús. Mei in bosk blommen fan in klant. Op syn wurk sels is der gjin inkele oandacht oan bestege, offisjeel giet Henk der pas op 1 juny út, dus miskien komt dat noch. Mar it soe my net ferbaze as dat net gebeurt. Dat is sa't it giet as je as wurknimmer fan it iene bedriuw nei it oare, en dan wer nei in oar geane. Al dy oernames binne funest foar de bining mei je wurk. Mar hoe dan ek, Henk hat 'm wol hast 40 jier te pletter wurke, sûnder ek mar mear as in wike siik west te hawwen.
Doe't er thúskaam middeis hat er earst syn wurkjas trochmidden knipt. Koen lei yn in deuk.
De jonges en ik hiene moarns al in kadootsje klearlein en syn tromke fersierd.

Henk kin trouwens in boek, of in blog, skriuwe oer alle akkefysjes dy´t er yn de rin fan de jierren meimakke hat. Hast 40 jier mei hieltyd gruttere kombinaasjes op de dyk nei plakken dy´t , je wurde der as beropssjauffeur gek fan, hast allegearre ien, twa of mear rotondes krigen ha... Brek him de bek net iepen.

Fan de dyk rekke yn novimber 1985

4 opmerkingen:

  1. Der sil fêst wol ien sizze, dat se troch deze foto wol snappe wêrom hy net in bosk blommen meikrigen hat fan it bedriuw!
    Ik bin jim foar.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Henk, ik bin bliid foar dei dast hielendal klear bist mei it wurk. No wurd it tiid foar oare dingen, 23 suks sawat.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Grieteke,

    Bedankt voor je berichtje op mijn blog. Ik zit nu dus met mijn voet omhoog/omlaag. Voel spieren waarvan ik het bestaan niet wist ( lijk straks Jerommeke wel )en moet nog een rijbewijs halen voor de rolstoel. Voor de rest moet ik de humor er maar van inzien

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Nou Henk, heb je voldoende hobby 's en zo om je dagen te vullen? Dat zal vast wel.
    Ik hoop dat je geniet van het feit dat je nu je eigen tijd min of meer zelf kunt indelen en vullen!

    BeantwoordenVerwijderen