donderdag 19 februari 2009

FEEDS >FEETS


RSS: yn myn gefal Rare Skeve Skonken
Wa wit kin ik, as ik aanst út it gips kom, sa'n foto fan myn eigen fuotten meitsje!

WIKI's

Ding 11/ 12 . De hele middag eigenlijk zoet met de wiki's..

Dat krij je as je sa sitte te surfen tusken al dy berjochtsjes fan kollega's 'uit den lande'.
Ferjit ik hast dat ik yn it Frysk oan it bloggen bin.

"Wykjes" fan Robert, Nynke, Jozien, Ingrid lêzen.
En ferjitten by myn oanfullings myn namme der ûnder te setten. Hoe slim is dat?
Ingrid, Jozien en ik dele yn elk gefal deselde hobby mei in hele protte oare kollega's op 23dingen : rinne!
Dit is it logo fan myn klupke: myn twa sussen en twa freondinnen.

donderdag 12 februari 2009

Deselde tongersdei twa oeren letter.

Tip 5: Reacties zijn leuk! Maak het je lezers daarom zo gemakkelijk mogelijk om te reageren.

No dat hie ik my ek al foarnommen, dus krekt alle blogs bylâns west en oeral even in reaksje efterlitten. As dat gjin Social Bookmarking is!

En omdat de temperatuer wer daalt, in wintersk filmke as opwarmer!

Logo


Ding 10 dien.
't Is thús somtiden krekt sa as op it wurk;
ik meitsje in listje fan alles wat ik op in dei dwaan wol
(en moat). Wêrom sitte der mar 24 oeren yn in dei?
En wêrom is it no sok moai waar en bellet der net ien of ik ek in ein mei te rinnen wol?
Earst mar even in foto meitsje fan myn útsicht.
Ja, sa as jim sjogge bin ik altyd mei de bieb dwaande! Dit wie it keunstwurk dat op de muorre fan de âlde Jouster bibleteek hong. Doe't wy ferhuzen mocht ik dat fan Bert meinimme.
It hinget no dus net mear, mar it leit. Ik ha no al wer sin om my dêr jûns, mei in boek, in wyntsje en in protte houtsjes om te stoken, del te jaan!
Ien fan de dingen ( it 24ste) dy't ik no dwaan gean is alle handige tips en trucs dy't ik yn de blogs fan kollega's en yn de ynstruksjes lês, te knippen en te plakken yn in dokumentsje. Ik sit sa faak te tinken fan hjir ha ik wat fan lêzen, mar by wa dan? En om dan alle blogs wer bylâns te gean, is my tefolle gedoch.
Dan is it no alwer healwei ienen
Ik moat noch dûse (*),boadskipje, in Grouster ovenschotel meitsje (kin googele wurde), ynternetbankiere, Henk syn trui naaie, stikje foar Tryater skriuwe, mei Robert smse, nei heit en mem....
(*) Sa lekker, dat je in dei allinnich thús binne en der gjin ien seit: "Sisto no dyn klean ek in kear oandwaan?"

maandag 26 januari 2009

Ding 7













t Sjit wol op mei my. Krekt as Djûke, kom ik net fierder as twa letters.

Mar twa dagen letter, stean se der allegearre.

zaterdag 24 januari 2009

Flickr en albums

Moai waar om in ein te rinnen, mar as ik no myn húswurk klear ha... ek in fijn idee! Sakrekt earst dit filmke (*) yn 23dingen besjoen.
Online photosharing in plain English
Wat sneu foar my. Ik bin wiis mei myn albums. Ik plak alles yn wat foar my wearde hat en echt, ik kin it allegearre werom fine.
(*) Tsjinwurdich meitsje ik de measte foto's mei myn mobyl. Ideaal, ha'k altyd by my. Filmkes bin min fan kwaliteit, mar ach...
Sjoch dochs mar even.


donderdag 22 januari 2009

Feeds en fuotten

Tiisdei 20 jannewaris mei de feeds oan de gong west.
Oare wike hâld ik my mei de fuotten dwaande,
mar dat fertel ik in oare kear wol.
Aanst der noch mar even mei omprutse.
Want it bliuwt prutsen by my(*) en ik wit echt
net of ik der oait wat mei dwaan sil.
Sjoch sa'n blog, dat fyn ik wol leuk. Fyn it ek leuk
om oare blogs te lêzen.
Ha't ien fan jim in idee of Wiesje en Wilma
blogs ha en sa ja wêr't ik dy dan lêze kin?

(*) Tegearre prutse is lang sa ferfelend net ,
skeelt( my) in protte tiid en ik ha minder it
gefoel dat ik it noait leare sil!!!