dinsdag 24 maart 2009

Mei pensjoen

Krekt werom fan de foarstelling dy't Klaasje Postma makket mei Hans Man in't Veld.
Wat bart der tusken minsken as ien fan de twa mei pensjoen giet, as je fanôf dan tegearre thús binne. Hoe jouwe je in draai oan deze nije libbensfase? Fyn je elkoar of ferlieze je elkoar dan krekt. Ensfh, ensfh.
Klaasje en Hans kenne deze situaasje út eigen ûnderfining en binne al tiden dwaande om ymprovisearjend dêr in goed oere duorjende foarstelling fan te meitsjen. Ynmiddels binne se safier dat se der graach publyk by ha wolle, reaksjes hearre wolle, ûndúdlikheden boppe tafel krije moatte. Foarige wike tiisdei wie ik der ek te sjen ( yn it Posthûs fan Hearrefean) en is der yn it neipetear in hele protte oandroegen. Ferrassend om dit proses te folgjen, hjoed wie it sa'n stik fierder, strakker spile. Oare wike jouwe se noch in pear foarpremiêres en dan is it de bedoeling dat se yn septimber hjirmei de boer opgeane.
Ik kin my der fêst op tariede, want Henk giet yn juny mei prépensjoen. En ik herken helendal de skrik as ik der oantink dat hy aanst altyd thús is, dat ik net mear in dei allinnich thús bin. Ik ha him ek al tich kear sein, dat my dat oangriist en of hy der wol foar soargje wol dat er wat siket op dy dagen en dan is even nei Ljouwert om boadskippen net genôch..... No ja sa sitte wy dan wat te jeuzeljen.
Ik blog jim op de hichte hoe't dit by ús gean sil!


3 opmerkingen:

  1. Is golfen niks foar him? Henk kin oars wol oan 'e 23 dingen.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Dat kin ik my sa goed foarstelle, ik haw d'r ek altyd sa'n ferlet fan myn frije dei hielendal allinne troch te bringen. Je kinne je wer even oplade. Nuver is't, mar it fielt ek altyd oars as je allinne yn 'e hûs binne, as dat ien bygelyks boppe sit! Hooplik hat/krijt er wol wat hobby's, dy't 'm dwaande hâlde hjir en der.
    Oer it boekekastke: neffens my wie it in pear kear edit yn plak fan ien kear. En de boekelist ek op sa'n soart menier. It is ek al slim dat je 't sa gau wer ferjitte! As wy dit allegear klear ha, wol ik it fan 't hjerst wer wat oereidzje fan nûmer 1 ôf, oars "beklijft" it net bin ik bang. It sil de leeftyd wol wêze.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Nynke, ik bin dat ek fan plan. Sa no en dan gewoan wer opnij begjinne mei 23 dingen. Net alles fansels, mar dy ûnderwerpen dêr't ik krekt net genôch fan wit, mar wol aardichheid oan ha, dus einliks alles! HA, HA

    BeantwoordenVerwijderen