zondag 29 maart 2009

Sykje de twaling

Sosjaal netwurkje op in moaie sneintemiddei.
Jozien belle krekt oer de OR gearkomste fan moarn, ik ha mei myn freondinnen Oerol regele, fannemoarn mei soannen en skoandochters ûntbijten, koart sein al aardich oan de opdracht foldien.
Dan ha ik my wer opnij oanmelden by Schoolbank.nl. Yn jierren net op sjoen, wie myn ynlochkoade kwyt. Mar wol wer leuk, hear.
Hyves kin ik fan myn bern. Foarige wike hyvde in lyts nichtsje noch nei Koen of hy ek vriend fan har wurde woe. Hy fûn it genôch om har neef te wêzen, sei er, mar doarde har net ôf te wizen.
De oare netwurken ynmiddels allegearre bylâns west en sa by http://www.dizzie.nl/ in skoalfreondin tsjinkommen fan de BDA. Ha ik al in mailtsje stjoerd. Tafallich, want ik hie ek al om har socht op Schoolbank.
http://www.dizzie.nl/ liket in protte op LibraryThing, mei dat ferskil dat je noch freonen tafoegje kinne.
Miskien kinnne we klanten ris op deze sites wize yn in Nijsbrief?

Last. fm
Henk hat my moannen lyn alles nei boppe roppen, wat er NO fûn hie? Helendal geweldich! Dat wie dus Last.fm.
Ik ha no ek foar mysels in account oanmakke, ha al wat musyk belústere. Ik begryp dat je fia de radiofunksje net nei musyk fan de dyselde artyst lústerje kinne. Dan moat je beteljend lid wurde? Je kinne troch op dy artyst te klikken wol koarte fragmenten hearre.
Mar kom hjir no hast net wei mei de '70 radio; helemaal myn jierren en musyk. Hearlik!
http://www.last.fm/listen/globaltags/70s

2 opmerkingen:

  1. Nou, dat wie net sa swier, jimme stean mei itselde begroentsje foar de juf. Hiene jim ek deselde hierknipper?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Errrrgggg!
    As myn sus dit sjocht, dan kin se my wol wat dwaan.
    Ik ha thús in fotootsje fan ús tegearre stean, dy draait se elke kear om as se by ús komt.

    BeantwoordenVerwijderen