woensdag 1 april 2009

My Discoveries

Fannemiddei mei Robert oan it prebearjen west hoe't we dit tapasse kinne foar úsself, mar benammen foar ús klanten. Dus ha ik ek my oanmeld by My Discoveries yn ús eigen BSF-aquabrowser en wat titels (*) yn myn list setten. Stjerren en tags takend. Wy giene derfan út dat wy elkoars keuzes sjen soene, nee dus.
(*) Even oefene mei de titels fan Fred Vargas, bin ik al jierren 'fan' fan.

Robert joech 5 stjerren oan 'de omgekeerde man', ik 3. Gemiddeld is dat 4, toch? Ik sjoch allinnich myn stjerren werom yn de katalogus, net dy fan Robert, of oaren dy't ek stjerren takend ha.
We sille der fannewike noch ris mei los.
Wordt vervolgd!

4 opmerkingen:

  1. Ik sil ek noch sjen yn ús Fryske aquabrowser, soe ’t hjoed dwaan mar fierstente moai waar. Fan ‘e moarn ha wy 63,5 km fytst, sok prachtich waar en dan by de seedyk lans, al dy lamkes, de sinne d’rby. En fan ‘e middei allinne mar sitten te lêzen bûten, kom d'r hielendal fan by. Freed wie d’r in fjochtpartij op ‘e 1e ferdjipping, we ha 112 belle en yn in pear minuten wiene d’r 6 plysjeminsken. Beide fjochtersbazen binne, nei gesprekken yn ‘e bibleteek, meinommen nei it buro. It foel dus allegear wol wat ta, mar dochs skrikke je wol bot en dit is net it earste ynsident wat wy ha. Spitigernôch sit en hiel stik flierbedekking ûnder it bloed en it wie sels op in pear boeken spatten. Ik bin benijd oft Jan WM it d’r allegear wol wer út krijt.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. zie op je kalender dat je vandaag wat vieren hebt, 30 jier yn e kunde mei Henk. gefeliciteerd ,wilma

    BeantwoordenVerwijderen
  3. kennelijk ben jij niet de enigste Vargasfan, want Robert schreef er ook over in zijn blog en ook ik ben net "de eeuwige jacht"van haar aan het lezen,mooi boek. Wilma

    BeantwoordenVerwijderen
  4. 6 april; wy wenje 30 jier tegearre. Bliid dasto dit sjoen hast, Wilma iksels wie it glêd ferjitten!!!!
    Heart dit by jim taken as kursusliedsters?

    BeantwoordenVerwijderen