Weromsjend skrik ik dan toch even dat ik safolle alwer kwytrekke bin. It is foar my gjin dagelikse kost, dit dwaande wêzen mei sosjale netwurken op ynternet en dat wurdt it nei deze kursus ek net.
As it doel wie: it priuwen fan allerhande nije ynternetfunksjes, dan is wat my oanbelanget deze kursus mear dan slagge.
Mar....
Hoe gean wy dit allegearre byhâlden, we kinne it ús oan de iene kant net permitearje om net up-to-date te bliuwen, oan de oare kant hoecht net elkenien alles te witten. It is gjin raar idee om hjir in spesjalisme foar yn it libben te roppen, moat der wol formaasje foar regele wurde, want dat is wol wat my en ekenien dúdlik wurden is deze ôfrûne moannen, it nimt in hele protte tiid!
Foar de bibleteek sjoch ik wol in mooglikheid om fia ús webside mear ynteraktyf mei de lêzer/ gebrûker dêrfan om te gean.
Miskien binne der genôch klanten dy't graach wat dele wolle oer boeken dy't se lêzen ha, dan komme we wer werom by de aquabrouwser en hoe dy goed op de kaart te setten.
Iksels bin der wiis mei dat ik 23dingd ha, fûn dat de kursus goed yn ynelkoar stuts- hie allinnich wol earder fan Last fm witte wollen! ( Komt no krekt S
ugar me fan Linsey de Paul foarby)
Mar ik bin sowieso bliid dat ik troch myn wurk dwongen wurd myn blikfjild te ferromjen.
Der wie/is praat fan dat ek alle oare kollega's deze kursus noch folgje moatte. Dêr ha ik wol myn betinkingen by. Want litte wy op de evaluaasje mei inoar earst mar ris besjen wat foar de bibleteken no echt relevant is. En dan dat oanbiede yn in ferkoarte kursus?
It hat in protte tiid koste; elke kear naam ik my wer foar om even ien of twa oerkes dwaande te gean, mar ferfolgens siet ik faak ta de nacht út.
Hat ek te krijen mei it lêzen fan de blogs fan kollega's. En dat is al faker sein, dat is dochs wol ien fan de alleraardigste fasetten. Moaie , ûntroerende, grappige, skokkende, gewoane en ûngewoane ferhalen lêzen. Wat bin ik sa wat gewaar wurden, ek fan dy kollega's dyt net meidiene; dat seit ek wat.
Ik wol by deze Robert en Annelies tank sizze foar hun tips en trucs. Heel noflik om op jim weromfalle te kinnen. Jim joegen beide it idee dat jim der plezier yn hiene om deze nerd in eintsje op wei te helpen!
En ik fûn it heel bysûnder dat Nynke alles meidien hat, dan bin je ien mei je persoaniel.