maandag 27 april 2009

Stoke

Fannejûn foar it earst wer myn kacheltsje brûkt. En dat nei in dei dat de hagelstiennen my om de earen fleinen.
Stoke; ik wenje mei trije mannen dy't à, net bûten ite wolle en b, jûns ek yn de hûs bliuwe. Foar my ûnbegryplik, want ik sit altyd bûten. Neffens hun op it oerdreaune ôf. Ha se ek wol in bytsje gelyk yn.
Likegoed, wat in moaie simmer stiet my wer te wachtsjen. As it in bytsje kin stook ik op in jûn, as de wyn geunstich is, dat wol sizze, as de buorlju net al te folle lêst fan my krije, in jiske-amer fol houtsjes yn myn, fan in ekspânsjefet makke, kacheltsje.
En wat doch ik dan op sa'n jûn; neat! Ik sit stomwei nei it fjûr te sjen, net mear, net minder.
Allinnich ien ding. Sa as ik doetiids doe't ik noch rookte beslist in sigaret moast as de telefoan gie en mear as ien as it geprek langer duorre, sa moat ik no in fles wyn iepenje en opdrinke as ik myn kachel oanstek. Gelokkich stiet de glêsbak 30 m fjirder...
Is dit miskien 'illegaal stoken' púr sang?

dinsdag 21 april 2009

Bestekbak en miggeklappers


Al tiden is myn bestekbak fan de ôfwasmasine stikken, heel yrritant. De leppels, foarken, messen stekke troch de ûnderkant hinne. Dat hat ta gefolgen dat je de masine amper iepen / ticht dwaan kinne. It krast en it docht, en ik kras en doch net minder.
Hie al op ynternet sjoen dat in nije bestekbak hast like djoer is as de masine sels; de ôfsetters.
Twa pakken fan 3 miggeklappers fan de action ( € 0,37 it pak) bringe útkomst.
Ha'k op maat knipt en dy hâlde no al myn bestek prima op syn plak!

woensdag 15 april 2009

Guozzen

Noch nea earder sa moai sjoen.
Wy wiene de peaskedagen op Terskelling om de karavan fan myn skoanmem skjin te meitsjen. Bin we in pear oeren mei dwaande-wit Jozien alles fan, dy is ek wolris mei west en heel goed yn daksgoaten reagjen!- mar dêrnei ha we de tiid oan ússels en kin we mar genietsje op dit prachtige eilân. Dit guozzepear mei seis giele jonkjes fytsten we sawat oer hinne.

't Lêste ding

Weromsjend skrik ik dan toch even dat ik safolle alwer kwytrekke bin. It is foar my gjin dagelikse kost, dit dwaande wêzen mei sosjale netwurken op ynternet en dat wurdt it nei deze kursus ek net.
As it doel wie: it priuwen fan allerhande nije ynternetfunksjes, dan is wat my oanbelanget deze kursus mear dan slagge.
Mar....
Hoe gean wy dit allegearre byhâlden, we kinne it ús oan de iene kant net permitearje om net up-to-date te bliuwen, oan de oare kant hoecht net elkenien alles te witten. It is gjin raar idee om hjir in spesjalisme foar yn it libben te roppen, moat der wol formaasje foar regele wurde, want dat is wol wat my en ekenien dúdlik wurden is deze ôfrûne moannen, it nimt in hele protte tiid!
Foar de bibleteek sjoch ik wol in mooglikheid om fia ús webside mear ynteraktyf mei de lêzer/ gebrûker dêrfan om te gean.
Miskien binne der genôch klanten dy't graach wat dele wolle oer boeken dy't se lêzen ha, dan komme we wer werom by de aquabrouwser en hoe dy goed op de kaart te setten.

Iksels bin der wiis mei dat ik 23dingd ha, fûn dat de kursus goed yn ynelkoar stuts- hie allinnich wol earder fan Last fm witte wollen! ( Komt no krekt Sugar me fan Linsey de Paul foarby)
Mar ik bin sowieso bliid dat ik troch myn wurk dwongen wurd myn blikfjild te ferromjen.

Der wie/is praat fan dat ek alle oare kollega's deze kursus noch folgje moatte. Dêr ha ik wol myn betinkingen by. Want litte wy op de evaluaasje mei inoar earst mar ris besjen wat foar de bibleteken no echt relevant is. En dan dat oanbiede yn in ferkoarte kursus?

It hat in protte tiid koste; elke kear naam ik my wer foar om even ien of twa oerkes dwaande te gean, mar ferfolgens siet ik faak ta de nacht út.
Hat ek te krijen mei it lêzen fan de blogs fan kollega's. En dat is al faker sein, dat is dochs wol ien fan de alleraardigste fasetten. Moaie , ûntroerende, grappige, skokkende, gewoane en ûngewoane ferhalen lêzen. Wat bin ik sa wat gewaar wurden, ek fan dy kollega's dyt net meidiene; dat seit ek wat.
Ik wol by deze Robert en Annelies tank sizze foar hun tips en trucs. Heel noflik om op jim weromfalle te kinnen. Jim joegen beide it idee dat jim der plezier yn hiene om deze nerd in eintsje op wei te helpen!
En ik fûn it heel bysûnder dat Nynke alles meidien hat, dan bin je ien mei je persoaniel.

donderdag 9 april 2009

Ik ha myn nocht

Net fan it bloggen, mar no't de maaitiid yn'e loft sit, de blomkes hun kop boppe de grûn stekke, fûgels my wekker fluitsje, de earste neven wer rûn de ruten gûnzje, myn mannen wer begjinne te prústen, de reisgidsen út de kast komme en de kamper simmerklear makke wurdt....

no bin ik hast wol klear mei de 23-dingen. Letterlik en figuerlik, want ik hoech noch mar 1!

woensdag 8 april 2009

Ald en nij, mar dan oars

Fannemiddei mar achter de pc, juster myn gips derôf krigen en de opdracht om myn foet noch twa dagen minimaal te brûken. Jûn gean ik dan wol nei it wurk, 't is mar twa oeren en noait sa drok. Lekker idee dat je wer autoride kinne en dus eigen baas wer binne!

Wêr't ik deze kursus allegearre wol net lid fan wurden bin....

Nr 7 út it manifest: ik gooi oudere werkwijzen overboord als er betere zijn; ook al leken die oude werkwijzen ooit fantastisch. Seach op de blogs fan Annelies en Nynke, dat sy de âlde katalogusbakken- de oudere werkwijzen-net helendal oerboard goaid ha. Ik ek net.

De powerpoint fan Wowter besjoen, artikelen lêzen. Bibliotheek 2.0 liket de bibleteek wol in stik dynamysker te meitsjen. De bibleteek fan de takomst? As je nije doelgroepen oansprekke wolle, seker. In firtueel plak dêr't elk elkenien treffe kin.

woensdag 1 april 2009

My Discoveries

Fannemiddei mei Robert oan it prebearjen west hoe't we dit tapasse kinne foar úsself, mar benammen foar ús klanten. Dus ha ik ek my oanmeld by My Discoveries yn ús eigen BSF-aquabrowser en wat titels (*) yn myn list setten. Stjerren en tags takend. Wy giene derfan út dat wy elkoars keuzes sjen soene, nee dus.
(*) Even oefene mei de titels fan Fred Vargas, bin ik al jierren 'fan' fan.

Robert joech 5 stjerren oan 'de omgekeerde man', ik 3. Gemiddeld is dat 4, toch? Ik sjoch allinnich myn stjerren werom yn de katalogus, net dy fan Robert, of oaren dy't ek stjerren takend ha.
We sille der fannewike noch ris mei los.
Wordt vervolgd!