zondag 29 maart 2009

Sykje de twaling

Sosjaal netwurkje op in moaie sneintemiddei.
Jozien belle krekt oer de OR gearkomste fan moarn, ik ha mei myn freondinnen Oerol regele, fannemoarn mei soannen en skoandochters ûntbijten, koart sein al aardich oan de opdracht foldien.
Dan ha ik my wer opnij oanmelden by Schoolbank.nl. Yn jierren net op sjoen, wie myn ynlochkoade kwyt. Mar wol wer leuk, hear.
Hyves kin ik fan myn bern. Foarige wike hyvde in lyts nichtsje noch nei Koen of hy ek vriend fan har wurde woe. Hy fûn it genôch om har neef te wêzen, sei er, mar doarde har net ôf te wizen.
De oare netwurken ynmiddels allegearre bylâns west en sa by http://www.dizzie.nl/ in skoalfreondin tsjinkommen fan de BDA. Ha ik al in mailtsje stjoerd. Tafallich, want ik hie ek al om har socht op Schoolbank.
http://www.dizzie.nl/ liket in protte op LibraryThing, mei dat ferskil dat je noch freonen tafoegje kinne.
Miskien kinnne we klanten ris op deze sites wize yn in Nijsbrief?

Last. fm
Henk hat my moannen lyn alles nei boppe roppen, wat er NO fûn hie? Helendal geweldich! Dat wie dus Last.fm.
Ik ha no ek foar mysels in account oanmakke, ha al wat musyk belústere. Ik begryp dat je fia de radiofunksje net nei musyk fan de dyselde artyst lústerje kinne. Dan moat je beteljend lid wurde? Je kinne troch op dy artyst te klikken wol koarte fragmenten hearre.
Mar kom hjir no hast net wei mei de '70 radio; helemaal myn jierren en musyk. Hearlik!
http://www.last.fm/listen/globaltags/70s

dinsdag 24 maart 2009

Mei pensjoen

Krekt werom fan de foarstelling dy't Klaasje Postma makket mei Hans Man in't Veld.
Wat bart der tusken minsken as ien fan de twa mei pensjoen giet, as je fanôf dan tegearre thús binne. Hoe jouwe je in draai oan deze nije libbensfase? Fyn je elkoar of ferlieze je elkoar dan krekt. Ensfh, ensfh.
Klaasje en Hans kenne deze situaasje út eigen ûnderfining en binne al tiden dwaande om ymprovisearjend dêr in goed oere duorjende foarstelling fan te meitsjen. Ynmiddels binne se safier dat se der graach publyk by ha wolle, reaksjes hearre wolle, ûndúdlikheden boppe tafel krije moatte. Foarige wike tiisdei wie ik der ek te sjen ( yn it Posthûs fan Hearrefean) en is der yn it neipetear in hele protte oandroegen. Ferrassend om dit proses te folgjen, hjoed wie it sa'n stik fierder, strakker spile. Oare wike jouwe se noch in pear foarpremiêres en dan is it de bedoeling dat se yn septimber hjirmei de boer opgeane.
Ik kin my der fêst op tariede, want Henk giet yn juny mei prépensjoen. En ik herken helendal de skrik as ik der oantink dat hy aanst altyd thús is, dat ik net mear in dei allinnich thús bin. Ik ha him ek al tich kear sein, dat my dat oangriist en of hy der wol foar soargje wol dat er wat siket op dy dagen en dan is even nei Ljouwert om boadskippen net genôch..... No ja sa sitte wy dan wat te jeuzeljen.
Ik blog jim op de hichte hoe't dit by ús gean sil!


Boekekasten

http://www.librarything.nl/catalog/opdevlugt

Ik wol ek 'n boekekastje op myn blog. Bin ynmiddels al ynlogd, mar 't bliuwt wer stûkjen op myn ûnkunde. Kom net fierder as ien boek der op te setten. Dan wit ik al wer net hoe't ik dy der opkrigen ha.


Hoe blond kin je wêze...

No stopje ik der earst even mei, gean nei in proeffoarstelling fan Klaasje Postma, aanst mear dêr oer.

Web 2.0, wer in stap op 'e ljedder

Ik ha hjoed in 23dingen dei. Wol einliks oant en mei trede 18.
Ik wit net hoe of it jim giet, mar ik brûk de blogs fan myn kollega's hast mear as de ynstruksjes fan 23 dingen. Sa kom ik der achter wat wol of net belangryk is om te witten en wat ik wol oerslaan kin. Is fuort en daliks in reden om net te hurd te gean mei it dingen!
In aardige tip fan Nynke:
En in oar leuke wie fan Annelies: Hoedoe.nl.
Wat ha ik sels foar tip? http://www.neatfun.nl/

Deze foto is trouwens makke yn de beeldentún fan Gees; in oanrieder!http://www.beeldeningees.nl/

Pod en Tube

Hie ôfrûne wike al wat oan it snuffeljen west, of better sein oan it hearren en besjen.
Podcaste sil ik net dwaan, bin sowieso net in radiomins. Radio is foar my behang. Behalve yn de auto, dan lústerje ik echt bewust. Ik ha in pear jier lang myn soannen op snein te jûn nei Breezand brocht. Dêr giene se dan in wike bollepellen. Op de weromreis hearde ik dan op Radio 2 nei kabaretkompilaasjes. Foar't ik it wist stie ik wer op ús pleintsje! Mar om dêr op oare sneinen foar te sitten, nee dus. Soks soe ik dan podcaste kinne, ja dat soe kinne.......
You tube is in oar ferhaal. Dêr kin ik net omhinne, al is it allinnich mar om alles wat je fan elkenien tasjoerd krije.
Wy lêze de VARAgids en elke wike stean dêr aardige you-tube-tips yn.
Podcast yn de bibleteek? Ik sjoch dat net. You tube? Djûke hie dêr wol in goed idee oer; brûkt it by klassebesites. Miskien by de klassebesites filmkes meitsje en dat op You tube pleatse. Of yn de berneboekewike de studenten fan it Friesland College deze opdracht jaan?

zondag 15 maart 2009

Chatten


De earste kear dat ik meidie oan in chat wie nei ôfrin
fan de searje "de Negen dagen van de gier" mei Jan Decleir
(sa'n moaie spiler, ja ik fal op âldere mannen, ik wit it.)
Dy searje rûn sa frjemd ôf, de lêste wurden wiene noch net sein of myn suske hong al oan de telefoan. "Hè?". "Ja", sei ik "Hè?"
Je koene chatte mei akteurs, regisseur ensfh... dus meidwaan. Gjin akteur dy't antwurde op myn fragen en dy fan in hele protte oaren - krekt as wy ferbjustere troch te folle losse eintsjes- nei in ketier wie der steeds mear ûnsin en ûnbeskoftheid te lêzen.
Bin doe noch mar even nei myn suske fytst en nei allebeide in fles wyn nuttige te hawwen stiet it my by dat ek wy behoarlik ûnbeskoft waarden, behalve oer Jan Decleir.

zaterdag 14 maart 2009

Gips, bier en suvel




Foar de twadde kear yn 'e gipskeamer en wer mocht ik 'n kleurke kieze.
Twa wike lyn hie ik myn bril mei giele poatsjes op en doe keas ik foar giel.
Tiisdei de blauwe bril en horloage, dus fandêr deze kleur. Mar goed dat ik net elke fjirtjin dagen gips krij, want leau my, ik hie dan ek noch myn donkerreade bril meinommen. De meast bypassende kleur gips wie dan rôze west, help!
Dan wurdt it barbiegehalte wol heel heech, dy is trouwens ek al 50 ha' k begrepen. No dat bin ik noch net- sjoch kalender!


Noch even deze foto fan ûng. 6 jier lyn
De earste kear dat wy tegearre mei fekânsje wiene, hiene dy stoere jongens fan ús de noadige feestjes jûn én, dat ha se fan hun mem, dêr moat dan fuort in foto fan makke wurde. Robert hat fotoshopt en stjoerde hun deze foto ta. Wy koene der wol om laitsje-Henk helendal, dy wurket op't lêst yn 'e suvel- de mannen sels seachen de humor der net fan yn. No wol trouwens!

En no noch even 23 dingen. (Ding 13)
Ha in dokument yn google-docs makke en hoopje dat dat slagge is. Dat hear ik dan wol fan Jozien. Sy woe mei my dokke, ik no mei har.
Liket my aanst foar de OR ek wol heel makkelik.
We moatte mei de nije Or-leden mar even oant it oefenjen.
Moat lukke, want we dingje allegearre!