woensdag 1 juli 2009
ERRRRRRCH
Mar ik moat earlik bekenne, Robert en oare dierere kollega's, dat ik simmers in oar minske bin. Dan sjoch ik jûns let heechút myn mails; achter de pc of televyzje sjen, nee. Ik kom der net ta, dat helje ik 's winters wol wer yn.
Ha wol de blogs even bylâns west; en gean nei de simmer wer meidwaan, as Annelies, Robert en noch in pear die-hards de moed dan net opjûn ha.
Dan skriuw ik wol oer Henk dy't mei pensjoen is, de reünie fan de bibliobussen, Jozien dy't op Oerol oan'e rosé siet en dat hast lekker begûn te finen, nije dingen op Google (grapke), fekânsje perikelen, klanten dy't net lêze wolle oer twa kear seks op in dei ensfh.
dinsdag 26 mei 2009
Oerol

zaterdag 16 mei 2009
Dien
Foar de lêste kear wurdt de jûn te foaren de bôle smard, de tas klearsetten, de wurklean dellein. Moarns om 2.00 oere giet de wekker. Middeis komt er thús. Mei in bosk blommen fan in klant. Op syn wurk sels is der gjin inkele oandacht oan bestege, offisjeel giet Henk der pas op 1 juny út, dus miskien komt dat noch. Mar it soe my net ferbaze as dat net gebeurt. Dat is sa't it giet as je as wurknimmer fan it iene bedriuw nei it oare, en dan wer nei in oar geane. Al dy oernames binne funest foar de bining mei je wurk. Mar hoe dan ek, Henk hat 'm wol hast 40 jier te pletter wurke, sûnder ek mar mear as in wike siik west te hawwen.
Doe't er thúskaam middeis hat er earst syn wurkjas trochmidden knipt. Koen lei yn in deuk.
De jonges en ik hiene moarns al in kadootsje klearlein en syn tromke fersierd.
Henk kin trouwens in boek, of in blog, skriuwe oer alle akkefysjes dy´t er yn de rin fan de jierren meimakke hat. Hast 40 jier mei hieltyd gruttere kombinaasjes op de dyk nei plakken dy´t , je wurde der as beropssjauffeur gek fan, hast allegearre ien, twa of mear rotondes krigen ha... Brek him de bek net iepen.
Fan de dyk rekke yn novimber 1985dinsdag 5 mei 2009
Fan ballonnen en kaartsjes opstjoeren...
Se treffe it mar, de bern dy't earne yn it lân in ballon op litte fan wat foar feest of fiering dan ek en dat dy ballon dan fûn wurdt troch Henk.Henk sjocht safolle nuvere dingen as wy oan it rinnen binne. ' t Sil syn aaisikersblik wol wêze, mar ek juster wie it wer raak. Yn in skitterend natuergebiet by Diever - achterôf die bliken dat wy yn ferbean gebiet rûnen, echt wier, we wiene ús dat net bewust- fûn er foar de safolste kear wer in oan flarden reage ballon mei in kaartsje deroan. En fansels it fersyk om dit kaartsje asjeblyft wer werom te stjoeren.
maandag 27 april 2009
Stoke
Stoke; ik wenje mei trije mannen dy't à, net bûten ite wolle en b, jûns ek yn de hûs bliuwe. Foar my ûnbegryplik, want ik sit altyd bûten. Neffens hun op it oerdreaune ôf. Ha se ek wol in bytsje gelyk yn.
Likegoed, wat in moaie simmer stiet my wer te wachtsjen. As it in bytsje kin stook ik op in jûn, as de wyn geunstich is, dat wol sizze, as de buorlju net al te folle lêst fan my krije, in jiske-amer fol houtsjes yn myn, fan in ekspânsjefet makke, kacheltsje.
En wat doch ik dan op sa'n jûn; neat! Ik sit stomwei nei it fjûr te sjen, net mear, net minder.
Allinnich ien ding. Sa as ik doetiids doe't ik noch rookte beslist in sigaret moast as de telefoan gie en mear as ien as it geprek langer duorre, sa moat ik no in fles wyn iepenje en opdrinke as ik myn kachel oanstek. Gelokkich stiet de glêsbak 30 m fjirder...
Is dit miskien 'illegaal stoken' púr sang?
dinsdag 21 april 2009
Bestekbak en miggeklappers

woensdag 15 april 2009
Guozzen
Noch nea earder sa moai sjoen.Wy wiene de peaskedagen op Terskelling om de karavan fan myn skoanmem skjin te meitsjen. Bin we in pear oeren mei dwaande-wit Jozien alles fan, dy is ek wolris mei west en heel goed yn daksgoaten reagjen!- mar dêrnei ha we de tiid oan ússels en kin we mar genietsje op dit prachtige eilân. Dit guozzepear mei seis giele jonkjes fytsten we sawat oer hinne.
't Lêste ding
As it doel wie: it priuwen fan allerhande nije ynternetfunksjes, dan is wat my oanbelanget deze kursus mear dan slagge.
Mar....
Hoe gean wy dit allegearre byhâlden, we kinne it ús oan de iene kant net permitearje om net up-to-date te bliuwen, oan de oare kant hoecht net elkenien alles te witten. It is gjin raar idee om hjir in spesjalisme foar yn it libben te roppen, moat der wol formaasje foar regele wurde, want dat is wol wat my en ekenien dúdlik wurden is deze ôfrûne moannen, it nimt in hele protte tiid!
Foar de bibleteek sjoch ik wol in mooglikheid om fia ús webside mear ynteraktyf mei de lêzer/ gebrûker dêrfan om te gean.
Miskien binne der genôch klanten dy't graach wat dele wolle oer boeken dy't se lêzen ha, dan komme we wer werom by de aquabrouwser en hoe dy goed op de kaart te setten.
Iksels bin der wiis mei dat ik 23dingd ha, fûn dat de kursus goed yn ynelkoar stuts- hie allinnich wol earder fan Last fm witte wollen! ( Komt no krekt Sugar me fan Linsey de Paul foarby)
Mar ik bin sowieso bliid dat ik troch myn wurk dwongen wurd myn blikfjild te ferromjen.
Der wie/is praat fan dat ek alle oare kollega's deze kursus noch folgje moatte. Dêr ha ik wol myn betinkingen by. Want litte wy op de evaluaasje mei inoar earst mar ris besjen wat foar de bibleteken no echt relevant is. En dan dat oanbiede yn in ferkoarte kursus?
It hat in protte tiid koste; elke kear naam ik my wer foar om even ien of twa oerkes dwaande te gean, mar ferfolgens siet ik faak ta de nacht út.
Hat ek te krijen mei it lêzen fan de blogs fan kollega's. En dat is al faker sein, dat is dochs wol ien fan de alleraardigste fasetten. Moaie , ûntroerende, grappige, skokkende, gewoane en ûngewoane ferhalen lêzen. Wat bin ik sa wat gewaar wurden, ek fan dy kollega's dyt net meidiene; dat seit ek wat.
Ik wol by deze Robert en Annelies tank sizze foar hun tips en trucs. Heel noflik om op jim weromfalle te kinnen. Jim joegen beide it idee dat jim der plezier yn hiene om deze nerd in eintsje op wei te helpen!
En ik fûn it heel bysûnder dat Nynke alles meidien hat, dan bin je ien mei je persoaniel.
donderdag 9 april 2009
Ik ha myn nocht
no bin ik hast wol klear mei de 23-dingen. Letterlik en figuerlik, want ik hoech noch mar 1!
woensdag 8 april 2009
Ald en nij, mar dan oars
Wêr't ik deze kursus allegearre wol net lid fan wurden bin....
Nr 7 út it manifest: ik gooi oudere werkwijzen overboord als er betere zijn; ook al leken die oude werkwijzen ooit fantastisch. Seach op de blogs fan Annelies en Nynke, dat sy de âlde katalogusbakken- de oudere werkwijzen-net helendal oerboard goaid ha. Ik ek net. 
De powerpoint fan Wowter besjoen, artikelen lêzen. Bibliotheek 2.0 liket de bibleteek wol in stik dynamysker te meitsjen. De bibleteek fan de takomst? As je nije doelgroepen oansprekke wolle, seker. In firtueel plak dêr't elk elkenien treffe kin.
woensdag 1 april 2009
My Discoveries
(*) Even oefene mei de titels fan Fred Vargas, bin ik al jierren 'fan' fan.
Robert joech 5 stjerren oan 'de omgekeerde man', ik 3. Gemiddeld is dat 4, toch? Ik sjoch allinnich myn stjerren werom yn de katalogus, net dy fan Robert, of oaren dy't ek stjerren takend ha.
We sille der fannewike noch ris mei los.
Wordt vervolgd!
zondag 29 maart 2009
Sykje de twaling
Sosjaal netwurkje op in moaie sneintemiddei.Jozien belle krekt oer de OR gearkomste fan moarn, ik ha mei myn freondinnen Oerol regele, fannemoarn mei soannen en skoandochters ûntbijten, koart sein al aardich oan de opdracht foldien.
Dan ha ik my wer opnij oanmelden by Schoolbank.nl. Yn jierren net op sjoen, wie myn ynlochkoade kwyt. Mar wol wer leuk, hear.
Hyves kin ik fan myn bern. Foarige wike hyvde in lyts nichtsje noch nei Koen of hy ek vriend fan har wurde woe. Hy fûn it genôch om har neef te wêzen, sei er, mar doarde har net ôf te wizen.
De oare netwurken ynmiddels allegearre bylâns west en sa by http://www.dizzie.nl/ in skoalfreondin tsjinkommen fan de BDA. Ha ik al in mailtsje stjoerd. Tafallich, want ik hie ek al om har socht op Schoolbank.
http://www.dizzie.nl/ liket in protte op LibraryThing, mei dat ferskil dat je noch freonen tafoegje kinne.
Miskien kinnne we klanten ris op deze sites wize yn in Nijsbrief?
Last. fm
Henk hat my moannen lyn alles nei boppe roppen, wat er NO fûn hie? Helendal geweldich! Dat wie dus Last.fm.
Ik ha no ek foar mysels in account oanmakke, ha al wat musyk belústere. Ik begryp dat je fia de radiofunksje net nei musyk fan de dyselde artyst lústerje kinne. Dan moat je beteljend lid wurde? Je kinne troch op dy artyst te klikken wol koarte fragmenten hearre.
Mar kom hjir no hast net wei mei de '70 radio; helemaal myn jierren en musyk. Hearlik!
http://www.last.fm/listen/globaltags/70s
dinsdag 24 maart 2009
Mei pensjoen
Boekekasten
Ik wol ek 'n boekekastje op myn blog. Bin ynmiddels al ynlogd, mar 't bliuwt wer stûkjen op myn ûnkunde. Kom net fierder as ien boek der op te setten. Dan wit ik al wer net hoe't ik dy der opkrigen ha.

Hoe blond kin je wêze...
No stopje ik der earst even mei, gean nei in proeffoarstelling fan Klaasje Postma, aanst mear dêr oer.
Web 2.0, wer in stap op 'e ljedder
Ik ha hjoed in 23dingen dei. Wol einliks oant en mei trede 18.
Pod en Tube
Podcaste sil ik net dwaan, bin sowieso net in radiomins. Radio is foar my behang. Behalve yn de auto, dan lústerje ik echt bewust. Ik ha in pear jier lang myn soannen op snein te jûn nei Breezand brocht. Dêr giene se dan in wike bollepellen. Op de weromreis hearde ik dan op Radio 2 nei kabaretkompilaasjes. Foar't ik it wist stie ik wer op ús pleintsje! Mar om dêr op oare sneinen foar te sitten, nee dus. Soks soe ik dan podcaste kinne, ja dat soe kinne.......
You tube is in oar ferhaal. Dêr kin ik net omhinne, al is it allinnich mar om alles wat je fan elkenien tasjoerd krije.
Wy lêze de VARAgids en elke wike stean dêr aardige you-tube-tips yn.
Podcast yn de bibleteek? Ik sjoch dat net. You tube? Djûke hie dêr wol in goed idee oer; brûkt it by klassebesites. Miskien by de klassebesites filmkes meitsje en dat op You tube pleatse. Of yn de berneboekewike de studenten fan it Friesland College deze opdracht jaan?
zondag 15 maart 2009
Chatten

zaterdag 14 maart 2009
Gips, bier en suvel
Foar de twadde kear yn 'e gipskeamer en wer mocht ik 'n kleurke kieze.
Twa wike lyn hie ik myn bril mei giele poatsjes op en doe keas ik foar giel.
Tiisdei de blauwe bril en horloage, dus fandêr deze kleur. Mar goed dat ik net elke fjirtjin dagen gips krij, want leau my, ik hie dan ek noch myn donkerreade bril meinommen. De meast bypassende kleur gips wie dan rôze west, help!
Dan wurdt it barbiegehalte wol heel heech, dy is trouwens ek al 50 ha' k begrepen. No dat bin ik noch net- sjoch kalender!
Noch even deze foto fan ûng. 6 jier lyn
De earste kear dat wy tegearre mei fekânsje wiene, hiene dy stoere jongens fan ús de noadige feestjes jûn én, dat ha se fan hun mem, dêr moat dan fuort in foto fan makke wurde. Robert hat fotoshopt en stjoerde hun deze foto ta. Wy koene der wol om laitsje-Henk helendal, dy wurket op't lêst yn 'e suvel- de mannen sels seachen de humor der net fan yn. No wol trouwens!
En no noch even 23 dingen. (Ding 13)
Ha in dokument yn google-docs makke en hoopje dat dat slagge is. Dat hear ik dan wol fan Jozien. Sy woe mei my dokke, ik no mei har.
Liket my aanst foar de OR ek wol heel makkelik.
We moatte mei de nije Or-leden mar even oant it oefenjen.
Moat lukke, want we dingje allegearre!
donderdag 19 februari 2009
FEEDS >FEETS
WIKI's
Dat krij je as je sa sitte te surfen tusken al dy berjochtsjes fan kollega's 'uit den lande'.
Ferjit ik hast dat ik yn it Frysk oan it bloggen bin.
"Wykjes" fan Robert, Nynke, Jozien, Ingrid lêzen.
En ferjitten by myn oanfullings myn namme der ûnder te setten. Hoe slim is dat?
Ingrid, Jozien en ik dele yn elk gefal deselde hobby mei in hele protte oare kollega's op 23dingen : rinne!
Dit is it logo fan myn klupke: myn twa sussen en twa freondinnen.

